Biografy

Biografy Simke Kloosterman

Simke belibbe har bernetiid yn in streek fan heareboeren en arbeiders. De stânsferskillen wiene doedestiids grut yn de Fryske wâlden, in tema dat ek weromkomt yn har roman De Hoara’s fan Hastings. De legere skoalle yn har bertedoarp Twizel wie net goed genôch foar harren dochter, fûnen de âlders, en dêrom gie se nei it oanbuorjende Bûtenpost foar har earste ûnderwiis. Letter siet se op partikuliere skoallen en kostskoallen yn Ljouwert en Grins.

Twijzel rond 1900 (Bron: www.Plaats.nl)

Twijzel rond 1900 (Bron: www.Plaats.nl)

Heit en mem diene alle war om harren bern in foarname opfieding te jaan: se krige muzykles, piano en oargel, en droech modieuze jurkjes wêryn’t se oan it doarpsfolk showd waard, efterop de koets. De klean kamen sels út Parys. Yn it doarp neamden se har ‘De Freule’. Boartsje mei de bern út it doarp wie der meastentiids net by, Simke groeide op yn betreklike ôfsûndering.

simke-kloosterman-stamboom

Stamboom Simke Kloosterman

Har âlders koene net goed mei-inoar oerwei en dat sil ek yn it libben fan Simke in soad spanningen fan gefolgen hân hawwe. Heit en mem libben faak skieden. Wylst Jan Ritskes yn Twizel wenne en him dwaande hold mei skriuwen en túnkjen, wie Simke trochstrings by har mem dy’t dan earne oars tahold. De oanlis foar it skriuwerskip hie se trouwens fan beide kanten: ek yn mem har famylje kamen skriuwers foar, lykas Eelke Meinderts Beintema.

Simke wie ek yn har folwoeksen libben net permanint yn it âlderlik hûs. In tal jierren wenne se yn De Haach, dêr’t se de teaters en skouboargen besocht en dêr’t se oan har boeken wurke. Ut De Haach wei makke se reizen mei de trein troch Europa. De leafde foar reizgjen hie se ek wer fan de âlders oernommen.

Meastentiids wie se allinnich mar yn de simmermoannen yn Twizel, wannear’t de tún yn folle bloei stie en it wâldelânskip har ynspirearre ta it skriuwen fan har lyryske natuergedichten. Se krige dêr dan wol besite fan de bekende Fryske skriuwer Douwe Kalma, oan wa’t se fersein west hat. Ut de oerbleaune brieven tusken Kloosterman en Kalma docht in grutte ferbûnens mei de Fryske literatuer bliken en in freonskip dy’t ek stânhold nei’t de ferloving út wie. Simke hat nea troud west, wol twa kear ferlove. Har earste ferloofde wie in húsdokter út Holwert.

Simke Kloosterman ferstoar op 5 desimber 1938 yn Ljouwert. Krekt foar har dea liet se noch in testamint gearstalle dêr’t se har winsken oangeande de neilittenskip yn fêstlei.

i.s.m. Ace grafische vormgeving