Foarlêswedstryd Simkes Stimke

Foarlêswedstryd

Simkes Stimke

Op 10 april 2019 organisearret it Simke Kloostermanlien ûnder alle skoallen yn Achtkarspelen in foarlêswedstryd foar learlingen út groep 7 en 8. Dêrmei wolle wy bern op in spannende manier yn de kunde bringe mei Fryske berneboeken.

Dielnimmende bern kieze in fragmint tusken de 300 en 800 wurden om foar te lêzen út ien fan de Fryske berneboeken. It boek meie learlingen hielendal sels útkieze. De skoalle organisearret in eigen foarrûnde of seleksje fan dielnimmers, as dat winske is mei stipe fan de SKL sjuery. De bêste foarlêzers (maksimaal 4 per skoalle) kinne troch nei de foardrachtskriich dy’t op 10 april 2019 om 15:30 yn De Bining yn Twizel holden wurdt. Heiten, memmen, de hiele klasse en oar publyk is fan herte wolkom. Der is in moaie priis foar de trije bêste foarlêzers, mei dêrby de eare om op 17 maaie op de Simke Kloostermanpriisútrikking sels út it winnende boek foar te lêzen.

i.s.m. Ace grafische vormgeving