Gouden tiid foar Fryske berneboeken

PARSEBERJOCHT   Gouden tiid foar Fryske berneboeken   TWIZEL – Yn jierren binne der net safolle boeken yn de beneaming kommen foar de Simke Kloostermanpriis, de trijejierlikse berneboekepriis foar oarspronklik Frysk wurk. Mar leafst 40 boeken steane op de list, rom in tredde mear as de foargeande jierren. Hat de sjuery him by de ôfrûne priisútrikkingen wolris negatyf útsprutsen oer de stân fan saken omtrint de Fryske berneliteratuer, no stiet der foar moannen oan lêsfoer op de planke. Sytske Eringa, Gerbrich van der Meer en Geart Tigchelaar binne oansteld as sjueryleden, in betûfte sjuery dy’t goed yn de berneliteratuer thús is. Yn 2018 is al úteinset mei it lêzen fan alle boeken om de ûnfoege put op ’e tiid de baas te wêzen. Op 17 maaie 2019 wurdt de priis útrikt yn de tsjerke fan Twizel. It bestjoer fan it Simke Kloostermanlien is wakker bliid mei de rispinge. By de lêste útrikking is it prizejild ferhege nei €5000,-, in respektabel bedrach dat past by in grutte prestaasje. Net allinnich yn oantal is it in rekôr, mar de boeken binne oer it gehiel moai foarmjûn en goed fersoarge. Der is boppedat in grut ferskaat. Der binne printeboeken by, keunstboeken, skoallêsboeken, fersebondels, ferhale-  en poëzijbondels mei bydragen fan meardere skriuwers en ek unyk wurk dat him minder maklik yn in kategory pleatse lit. It oandiel jongereinliteratuer is ek grutter as earder, in kategory dy’t al jierren achterbleau. Dat der sa’n soad boeken útkommen binne, en der safolle bysûndere dielsjênres ûntstien binne, hat mooglik te krijen mei 2018, it jier dat Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Europa wie. Mar ek yn 2016 en 2017 is der in soad produsearre. Dy moaie opbringst wie foar it Simke Kloostermanlien in reden om wat ekstra’s te dwaan. Op 10 april wurdt dêrom in foarlêswedstryd organisearre foar learlingen fan de basisskoallen yn de gemeente Achtkarspelen. De trije bêste foarlêzers winne in boekepakket mei de nijste boeken, wêrûnder it winnende boek. It is in gouden tiid foar de berneboeken, de jonge lêzers moatte de grutte winners wêze.

i.s.m. Ace grafische vormgeving