Parseberjocht

PARSEBERJOCHT SIMKE KLOOSTERMAN LIEN&

(Twizel, jannewaris 2016)

SIMKE KLOOSTERMAN PRIIS 2016

Sûnt 1983 wurdt troch it bestjoer fan it Simke Kloostermanlien ienris yn ‘e trije jier de Simke Kloosterman Priis takend oan it bêste Frysktalige berne- of jeugdboek, útjûn yn ‘e trije foarôfgeande jierren. Dit jier is it wer safier.
De priisútrikking is op freed 20 maaie 2016 om 15:00 oere yn ‘e Petrustsjerke yn Twizel.

It Simke Kloostermanlien hat it prizebedrach opnij ferhege ta € 5000.

It bestjoer fan it Lien is wol dwaande om it reglemint foar de priis oan te passen en te ferbreedzjen. Sa kin de priis ek takend wurde oan in boekesearje of it oeuvre fan in skriuwer. In oare wichtige oanpassing is, dat by printeboeken/stripboeken de priis takend wurdt oan skriuwer en yllustrator beide.
Dêrneist wurket it Lien oan kwaliteitsferbettering yn de organisaasje fan de wichtichste priis foar Frysktalige berne- en jeugdliteratuer.

De tariedings foar de tolfde edysje binne al los. De trije sjueryleden binne te set mei de boeken dy ’t útkaam binne yn de jierren 2013, 2014 en 2015.
Tresoar fersoarget in oersjoch fan alle útjeften en de Fryske útjouwers stelle de boeken beskikber.

De sjuery wurdt ditkear foarme troch:

SYTSKE ERINGA (Burchwert, 1957)

Hja wie sân jier wurksum yn it basisûnderwiis en hat dêrnei de Academie voor Logopedie dien yn Grins. Fan 1989 ôf wurket se as logopedist yn it spesjaal ûnderwiis. As lid fan de Wurkgroep Logopedy en it Frysk hat hja meiwurke oan Oan’e slach mei Fryske printeboeken [MSU 1996], in hantlieding foar it brûken fan Frysktalige printeboeken yn ‘e logopedyske terapy. Fan 2006 oant 2014 wie hja foarsitter fan de Stichting It Fryske Berneboek en no noch aktyf yn de wurkgroep mei deselde namme. Yn 2012 hat hja diel útmakke fan de redaksje fan it boek Stille nacht, wûndere nacht, in krystboek foar bern.

SIGRID KINGMA (1989)

Hja studearre Nederlânsk en Frysk oan de Ryksuniversiteit yn Grins. Se hat foarsitter west fan stúdzjeferiening Skanomodu en wie hûsdichter by it blêd Skanoskrift. As Frysk dichter draacht se gauris foar by ferskate gelegenheden yn en bûten Fryslân. Har ynteresse giet út nei de berneliteratuer der’t se yn 2012 foar Sirkwy Sympoasium in lêzing oer holden hat. Sûnt dy tiid resinsearret se de berneboeken foar it Friesch Dagblad. Sigrid hat by ferskate tydskriften belutsen west as resinsint en kolumnist. Se wurket op it stuit oan in dichtbondel.

 

WILLEM VERF ( Snits, 1949)

Verf wennet sûnt 1972 yn Ikkerwâld (Damwâld), is troud, heit en pake. Fan berop romanskriuwer, publisearre 6 boeken ( 4 romans, novellen, koarte ferhalen) Wûn literêre prizen, wie bygelyks de earste winner fan de Fedde Schurerpriis foar debutanten.
Wie earder aktyf yn it wolwêzenswurk en de folwoeksene-edukaasje. De lêste 14 jier fan syn beropslibben wie hy direkteur fan de grutste Ljouwerter wolwêzensorganisaasje. Siet dêrneist

fan 1995 oantemei 2003 as fraksjefoarsitter fan GrienLinks yn Provinsjale Steaten fan Fryslân. Op it stuit docht er bestjoerlik wurk foar û.o. Fryske kulturele organisaasjes.
Pleitet foar in Brede Maatskiplike Diskusje oer de takomst fan de Fryske taal.

Skiednis Simke Kloosterman Priis

1983   Reinder Rienk van der Leest • Cap Súd

1986   Akky van der Veer • Swart op wyt

1989   Berber van der Geest • Bartele Bûse

1992   Mindert Wijnstra • It hûs fol ferhalen

1995   Berber van der Geest • De Kilekanen

1998   Auck Peanstra • Yn piama de dyk oer

2001   Eppie Dam • Dingeman krijt wjukken

2004   Lida Dykstra • Mûske, myn famke

2007   Lida Dykstra • Lederwyntsje, bern mei krêften

2010   Hanneke de Jong • Salsafamke

2013 Thys Wadman • De oerwinnings fan Tido Houtsma

 

 

Foar fragen en mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei:

Piter Buruma [skriuwer fan it Simke Kloosterman Lien] Van Scheltingalaan 5
9291 EA Kollum

T.0511-452933

p.buruma@knid.nl

i.s.m. Ace grafische vormgeving