Simke Kloostermanpriis

Reinder van der Leest ontvangt van een niet nader geïdentificeerd persoon de Simke Kloosterman-Priis voor zijn boek ‘Cap Sud’. (Bron: www.geheugenvannederland.nl)

 

Simke Kloostermanpriis

Simke Kloosterman is benammen bekend wurden mei har romans foar folwoeksen lêzers, mar ek op it mêd fan de berneliteratuer hat se har sterk profilearre. Fan har hân ferskynden likegoed ferhalen as mearkes, dy’t thús en op skoalle lêzen en foarlêzen waarden. Dêrút docht it grutte belang bliken dat se hechte oan lêsûnderwiis.

Twiljochtteltsjes, it Great Teltsjeboek en it Lyts Teltsjeboek binne dêr de bewizen fan. It stimulearjen fan de bernefantasij en it ier thúsreitsjen yn de eigen, Fryske taal fûn Kloosterman fan grut belang.

Boekillustratie-1By guon ferhalen stiene yllustraasjes en krekt as yn har romans en gedichten liet se har dêrby ek yn de berneliteratuer ynspirearje troch de natuer út de eigen omkriten. In fûgel yn de linebeam koe al oanlieding wêze ta in ferhaal. En sa’t dy âlde ferhalen noch altyd lêzen wurde kinne as byld fan in tiidrek, sa stiet ek de âlde linebeam noch altyd op syn fertroude plak.

 

Hanneljend yn de geast fan de auteur, hawwe eardere bestjoersleden fan de Simke Kloostermanstichting yn 1982 besletten om in priis beskikber te stellen foar de bêste Frysktalige berneboekeskriuwer en dêr de namme fan ‘harren’ Simke Kloosterman oan te ferbinen. Mei in offisjeel reglemint, dêr’t ûnder mear it ynstellen fan in profesjonele sjuery yn opnommen is.

Ynearsten koene studinten út Fryslân in berop dwaan op in stipendium fan de stichting, sa hat Simke yn har testamint beskaat. It fersyk moast dan wol yn flaterfrij Frysk ynlevere wurde! Fan dy mooglikheid waard lykwols amper gebrûk makke en doe’t it stúdzjefinansieringsstelsel kaam, wie de needsaak hielendal fuort. Dêrom waard keazen foar in oare wize fan kultuerstimulearring.

Mei in jildbedrach fan yntusken € 3.000,00 timmeret de priis aardich oan de dyk yn it literêre lânskip. De priis wurdt ienris yn de trije jier útrikt, nei’t in profesjonele sjuery syn kar makke hat. Op de middei fan de útrikking sammelje de reginten fan de stichting, de foarsitter fan de sjuery en de winner har yn it Simke Kloostermanhûs, wêrnei’t se mei-inoar, rinnende, nei de âlde doarpstsjerke gean. Dêr is it offisjele part: de bekendmakking, de útrikking, muzyk, taspraken, tankwurden. Dêrnei giet de stoet werom nei de tún fan it Simke Kloostermanhûs, dêr’t de festiviteiten fierder gean. Foar de protokollen oangeande de priis wurket de stichting gear mei Tresoar yn Ljouwert. Yn mienskiplik oerlis wurde sjueryleden frege en wurdt it programma gearstald.

 

De priis belibbe syn primeur yn 1983, earste winner wie Reinder van der Leest mei it boek Cap Súd. De meast resinte winner is Thys Wadman mei de ferhalebondel De Oerwinnings fan Tido Houtsma.

De oare priiswinners wiene: Akky van der Veer (Swart op Wyt, 1986), Berber van der Geest (Bartele Bûse, 1989 en De Kilekanen, 1995), Mindert Wynstra (It hûs fol ferhalen, 1992), Auck Peanstra (Yn piama de dyk oer, 1998), Eppie Dam (Dingeman krijt wjukken, 2001), Lida Dykstra (Mûske myn famke, 2004 en Lederwyntsje, 2007), Hanneke de Jong (Salsafamke, 2010).

i.s.m. Ace grafische vormgeving