Hûs
It Simke Kloostermanhûs oan de Tsjerkebuorren yn Twizel datearret fan 1876 en is in ryksmonumint. It hûs hat in robúste, klassike útstrieling en falt wat styl oangiet ûnder it neoklassisisme, in styl dy’t tekenjend neamd wurde mei foar de rikere klasse fan de njoggentjinde iuw. Yn Fryslân stean ek tal fan dat type wenningen.
It hûs waard boud as rintenierswenning yn opdracht fan Ritske Wytses Kloosterman. Dy telch út de kapitaalkrêftige Kloostermanfamylje wie yn syn aktive libben boer yn Twizel, op de pleats dy’t fan 1804 oant 1904 op it stik grûn stie lyk foar it hjoeddeistige Simkehûs oer. Oan de ein fan de jierren santich droech Ritske Wytses de buorkerij oer oan syn soan Jan Ritskes en dy syn frou Tryntsje Beintema.
It hûs is mar trije jier lang troch de oarspronklike bouhear bewenne, want hy ferstoar al yn 1879. Fuort dêrop ferfear de húshâlding fan soan Jan Ritskes fan de pleats nei de oare kant en luts yn de wenning. Yn dy húshâlding wie ûnderwilens in famke berne: Simke. Fan Jan Ritskes is bekend dat er him leaver mei boeken, reizen, de natuer en mei it ûntwikkeljen fan mûnen dwaande hold as mei it fee. Wylst er de hynders mende, lies er proaza en gedichten en de dei dat er syn lêste ko ferkocht, moat de lokkichste dei yn syn libben west hawwe… De rêst en de stilte fan de nije wenning sille him goed dien hawwe.
De rjochterkant fan it hûs is hjoed-de-dei ynrjochte as âldheidkeamer. Dêr hinget ûnder mear in portret fan de skriuwster, der is noch in âld bedstee yntakt en der is in boekekast ynrjochte mei har eigen romans en mei oar Frysktalich wurk. Oan de efterkant fan it hûs fine jo noch in keukentsje sa’t dat der eartiids útseach.
Tún
De beide âlde, reade bûken foar it hûs drage by oan de robúste, neoklassike sfear fan it hûs. Dy bûken stamme al út de jierren 1850-1870 en falle ek ûnder monumintesoarch.
Jan Ritskes Kloosterman hat sels in wichtich oanpart hân yn de oanlis fan de tún om it hûs hinne. Op syn reizen troch Europa naam er faak plantsjes en sied mei, dêr’t er yn Twizel mei eksperimintearre. Oer de eardere yndieling en plattegrûn is net folle mear bekend. Wat we al witte is dat de struktuer fan it perseel en de beplanting wize op ynfloed fan de túnarsjitekt Gerrit Vlaskamp, dy’t yn syn tiid in protte fan dat type wenningen yn Fryslân en ek dêrbûten fan in lânskiplike tún foarseach.
De tún yn Twizel is ien dêr’t kronkelpaadsjes en ferrassende trochkykjes sintraal yn stean. Der is ek noch in fiver oerbleaun. It ûnderdiel dat it meast yn it each springt is it âlde skriuwershúske, efter op ‘e tún.
Hjoed-de-dei wurdt de tún ûnder mear beskikber steld foar iepenlofttsjinsten en foar de Jan Ritskes Poëzynacht. Foar mear ynformaasje dêroer, sjoch earne oars op dizze side.
Iepenstelling
Hûs en tún binne sûnt it ferstjerren fan Simke Kloosterman eigendom fan in stichting dy’t nei har ferneamd is.