Nieuws / activiteiten

Winner Simke Kloostermanpriis 2022

De priis foar it bêste berneboek fan de ôfrûne trije jier, giet nei It neidiel fan de twivel fan I.E. Bloem. Dat hat de sjuery foar de Simke Kloostermanpriis 2022 besteande út Arjan Hut, Martsje de Jong en Jant van der Weg bekendmakke. Oare nominearre boeken wienen In nuvere nacht fan Anne-Goaitske Breteler, It deiboek fan Janny van der Molen, Jesse fan Mindert Wijnstra en Wurden fan Timo fan Tialda Hoogeveen.

It neidiel fan de twivel is de twadde Young Adult roman fan de skriuwer, in nije stjer oan it Fryske firmamint dy’t ûnder pseudonym publisearret. De priis wurdt beskikber steld troch it Simke Kloostermanlien. Op freed 20 maaie om 15:00 oere sil de priisútrikking plakfine yn de Petrustsjerke yn Twizel. Kommissaris fan de Kening Arno Brok sil de priis fan €5000,- en de hânmakke oarkonde útrikke.

i.s.m. Ace grafische vormgeving