PARSEBERJOCHT SIMKE KLOOSTERMANLIEN ( MAART 2016)
NOMINAASJES SIMKE KLOOSTERMANPRIIS 2016
Sûnt 1983 wurdt troch it bestjoer fan it Simke Kloostermanlien ienris yn’e trije jier de Simke Kloosterman Priis takend oan it bêste Frysktalige berne- of jeugdboek, útjûn yn’e trije foarôfgeande jierren. Foar de tolfde edysje dit jier is de sjuery fierhinne klear mei de beoardieling fan de troch Tresoar opstelde list mei titels.
De sjueryleden Sytske Eringa (Ljouwert), Sigrid Kingma (Grins) en Willem Verf (Damwâld) hawwe út de list fan sa’n 30 titels, útjûn yn de jierrn 2013,2014 en 2015, de folgjende 4 boeken nominearre:
Femke faalt, skreaun troch Ate Grypstra ( as E-boek útjûn troch de Afûk)
Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen, skreaun troch Hanneke de Jong (útjûn troch de Friese Pers Boekerij)
In nije heit, skreaun troch Thys Wadman (útjûn troch de Afûk)
Yllustraasjes: Gerrit de Jong
Dy iene foto, skreaun troch in kollektyf skriuwers yn opdracht fan Tresoar
Foar it Simke Kloostermanlien binne Hanneke de Jong en Thys Wadman ‘âlde bekenden’
Sa wûn Thys Wadman de foarige edysje fan de Simke Koosterman Priis yn 2013 en Hanneke de Jong dêr wer foar yn 2010. Ate Grypstra hat de priis noch net earder wûn. Syn boek is wol it earste E-boek dat nominearre is yn de skiednis fan de SKPriis.
Nijsgjirrich is de nominaasje foar “Dy iene foto”,skreaun troch ferskate skriuwers. Reglemintêr is dit hiel goed mooglik, meidat de priis takend wurdt oan it bêste boek (! ) fan ‘e ôfrûne trije jier.
De Simke Kloosterman Priis 2016, besteande út in oarkonde en in bedrach fan € 5000 sil op freed 20 maaie útrikt wurde troch Deputearre Sietske Poepjes yn de Petrustsjerke yn Twizel.
Wa’t mear witte wol fan it Simke Kloostermanlien en de SKPriis kin terjochte op de nagelnije webside www.simkekloosterman.frl