Wurk
Foar de Frysktalige literatuer hat Simke Kloosterman fan grutte wearde west. Se skreau net allinnich sels, se makke ek diel út fan genoatskippen dêr’t yngeand redendield waard oer it belang fan it Frysk, fan de eigen taal.
Har wurk bestiet út romans, gedichten, novellen en bernemearkes. Mar dat is net alles.
Tige opmerklik foar in aristokratyske dame út dy tiid is dat sy it earste Frysktalige itensiedersboek skreau: De Fryske Petiele. Petiele is in Frysk wurd foar skaal of board. Yn dat boek stean resepten mei yngrediïnten dy’t benammen by de hegere klassen út dy tiid op ‘e tafel stiene. Foar de folksaardige keuken wie it boek minder gaadlik, dêr iet men gjin plumpudding.
Der binne ek hjoed-de-dei noch itensieders dy’t har ynspirearje litte troch de resepten fan Simke. Wis yn har eigen doarp Twizel. Under it kopke ‘Ierdappels’ stean mar leafst acht ûnderskate beskriuwingen oer it sieden fan ierdappels. Fan Brusselske ierdappels oant de stoofde soart.
De meast bekende wurken van Simke Kloosterman binne har beide romans: De Hoara’s fan Hastings út 1921 en It Jubeljier út 1929.
De ‘Hoara’s’, sa’t it boek yn de folksmûle neamd wurdt, is de earste moderne Frysktalige roman. Simke beskriuwt der de libbens yn fan it boeremiljeu út har tiid en streek, de karakters en it wjerfarren fan de heareboeren en harren arbeiders. It is de tiid fan de opkomst fan it sosjalisme. Fan mannen as Piter Jelles Troelstra en Domela Nieuwenhuis.
Yn de ferneamde prolooch dy’t begjint mei ‘O brune heide, wiidte, iensumheid yn gouden, gouden sinneskyn!’ lêst men ek oer har grutte leafde foar de natuer yn har bertestreek, de Fryske wâlden.
De Fryske skriuwer Douwe Kalma, har freon en ek har eardere ferloofde, hat it boek letter bewurke ta in toanielstik dat syn premjêre belibbe yn 1953, yn de tún fan it Simke Kloostermanhûs. Ien fan de figueren út it boek, de dreamerige jonge Date, komt men noch alle dagen tsjin yn de buorren fan Twizel: yn de foarm fan in byld stoarret er op it eardere skoalplein oanienwei nei de wolken.
It Jubeljier is in histoaryske roman dy’t spilet yn de tiid fan de Frânske besetting. De stêd Ljouwert stiet der sintraal yn, mar ek de striid op it plattelân wurdt net fergetten. Oranjeklanten en Patriotten stiene doe rûnom foar elkoar oer. Simke har eigen foargeslacht spile der in foarname rol yn. Oranjeklanten, skriuwt se grutsk. Krekt dat aspekt hat nochal wat krityk krigen: de famylje wie neffens de literêre kritisy earder patriottysk en foar de Frânsen as dat se de Oranjes stipen. Ien fan de foarfallen dy’t yn it boek beskreaun wurde, is it yn de regio bekende Kollumer Oproer, yn 1797.
Behalve proaza skreau Simke in soad Frysktalige gedichten. Yn de jierren tritich binne dy bondele ûnder de titel De Wylde Fûgel. It dichtsjen hie se fan har heit, dy’t ek poëzy skreau. Simke har wichtichste tema’s wiene de leafde, en de natuer yn har eigen omkriten. Yn har fersen wist se dy beide faak te kombinearjen.
Simke skreau net allinnich foar folwoeksenen. Yn 1928 ferskynde fan har hân de bondel Twiljochtteltsjes, mei dêryn njoggen mearkes. Har talint om mearkes te skriuwen is wol ris fergelike mei dat fan Hans Christiaan Andersen. Nei it ferstjerren fan de skriuwster waard de Simke Kloostermanpriis yn it libben roppen: in trijejierlikse priis foar de auteur fan it bêste Frysktalige berneboek.