Winnaar Simke Kloostermanprijs 2022

NOMINAASJES  SIMKE  KLOOSTERMAN  PRIIS  2019

 

Foar de sjueryn fan de tsiende edysje fan de Simke Kloosterman Priis is de earste kûgel troch de tsjerke. De sjueryleden Geart Tigchelaar, Sytske Eringa en Gerbrich van der Meer hawwe alle Frysktalige jeugd/berneboeken út de trije foargeande jierren lêzen en beoardiele. Ut dy list mei hast fyftich titels hawwe hja 5 boeken nominearre. Dit binne de nominaasjes:

EPPIE  DAM mei Tsjilp! [De Ryp útjouwerij]

Yllustraasjes: Lieke Boot

In printeboek mei gedichten oer fûgels.

 

LIDA  DYKSTRA  mei De weddenskip [Afûk]

Yllustraasjes: Nina Peckelsen

In jongereinboek mei trije ferhaallagen, ynspirearre op de Edda en midsiuwske poëzy.

 

MIRJAM VAN HOUTEN mei Tije [Afûk]

Yllustraasjes: Mirjam van Houten

In berneboek oer it jonkje Tije dat fan it plattelân nei de stêd ferhuzet. In swalker helpt him om syn draai wer te finen.

 

AUCK PEANSTRA & RIEMKE PITSTRA mei Tomke’s foarlêsfeest [Afûk]

Yllustraasjes: Luuk Klazenga

Tematysk foarlêsboek mei de avontoeren fan Tomke en syn freonen.

 

KOOS TIEMERSMA mei Heech Tymo, sjoch omheech [HetNieuweKanaal]

Yllustraasjes: Carla van der Heijde

In berneboek oer it jonkje Tymo waans heit as militêr yn ’e oarloch yn Afganistan omkommen is, dy’t him thús en op skoalle ferhâlde moat mei de nije sitewaasje.

Foar it Simke Kloosterman Lien binne Eppie Dam en Lida Dykstra bekende gesichten. Eppie Dam wûn de SKPriis yn 2001 en Lida Dykstra wûn sels twa kear achterinoar yn 2004 en 2007. Beide leverje jier op jier wurk fan hege kwaliteit en binne tige warber yn ‘e Fryske literatuerwrâld. Dykstra is ek lanlik bekend, meidat sawat al har wurk ek yn it Nederlânsk útkomt.

Berneboekeskriuwsters Aucke Peanstra dy’t trije jier lyn ferstoar en Riemkje Pitstra binne ek bekende nammen yn de Fryske berneboekewrâld. Harren nammen binne o sa ferbûn oan Tomke, in projekt dat âlden en liedsters fan pjutten mei help fan boartlik ûnderwiismateriaal ynformearje wol oer it brûken fan taal yn ’e omgong mei jonge bern.

Nij foar it SK-Lien binne Koos Tiemersma en Mirjam van Houten. Koos Tiemersma skreau al faker literatuer foar folwoeksenen. Yn 2015 krige er de Gysbert Japicxpriis foar syn roman Einum. Mirjam van Houten is in ferrassende nijkommer, as skriuwster én as yllustratrise. Wa’t fan dizze fiif de Simke Kloosterman priis winne sil? Oer in pear wike wurdt dat bekend.

De Simke Kloosterman priis 2019, besteande út in oarkonde en in bedrach fan 5000 euro sil op freed 17 maaie, de middeis om trije oere útrikt wurde yn ’e eardere Herfoarme Tsjerke fan Twizel.

i.s.m. Ace grafische vormgeving