De Simke Kloosterman Stifting wurke ôfrûne wykein mei in soad wille gear mei ‘Meer Bomen Nu’, in organisaaasje dy’t duorsumens en biodiversiteit stimulearret troch lytse beamkes dy’t yn de knipe komme op te dollen en te donearjen oan belangstellenden. De siedlingen gean bygelyks nei ytbere bosken, mar ek nei partikuliere tunen. It doel fan it projekt is om miljoenen beammen in nije weardefolle bestimming te jaan. Yn Twizel waarden net minder as 340 beamkes útgroeven, bondele en donearre! In geweldige opbringst.
Op de foto f.l.n.r. projektkoördinator Nanning Wouda, mei de foarsitter fan it Simke Kloostermanlien Jouke Douwe de Vries (Boargemaster fan Achtkarspelen) en Anne en Tete, twa entûsjaste frijwilligers by ‘Meer Bomen Nu’.
