De Aldheidkeamer
Yn de âldheidkeamer fan it Simke Kloostermanhûs kin de besiker noch de sfear priuwe en benammen ek de rook opsnuve fan de tiid dêr’t de skriuwster yn libbe. Yn dat museale part is fan alles te sjen: fan in harmoanium oant in sekretêre, fan foarâlderlike portretsjes oant klean út de tiid fan Simke
It stik dat it meast yn it each springt is sûnder mis it portret dat de Haachske keunstner Anton van Weelie, in ferneamd portretskilder yn syn tiid, fan Simke makke. Fan de hege wand ôf hâldt se sekuer yn de gaten wat der allegear yn har âlde pronkkeamer omgiet.
In oar opfallend ûnderdiel is in skoarstienstik fan de skilder Rienk Jelgerhuis út 1771, dat de âlddtestamintyske fertelling útbyldet oer de moeting tusken Rebecca en Eliëzer by in wetterput. Fierder kin de besiker him noch yn in autintike, lytse bedstee wane en is der in biblioteekje mei in soad Frysktalich wurk. Dêr stean ûnder mear de boeken fan de winners fan de Simke Kloostermanpriis.
Wat yn alle gefallen de besiker net oerslaan moat is it keukentsje dat yn de rin fan de jierren oanklaaid is yn de styl fan de boerestân út beppe har tiid. Dêr fine jo ûnder mear Simke har eigen itensiedersboek, De Fryske Petiele, en allerhanne snústerijen. De panneset yn read en swart emalje docht it altyd goed by de gasten. Yn de trochgong tusken pronkkeamer en keuken is noch in oantinken te finen oan de pleats út Twizel dêr’t de skriuwster berne is: de tinkstien út 1804.
Yn de pronkkeamer komme de reginten jierliks in kear as seis gear. Dan drinke se kofje út deftige kopkes en stoarje se ûnder it tasjend each fan Kloosterman by drege besluten sa no en dan ris troch de âlde finsters, tusken de sfearfolle lûken en de steatlike reade bûken troch, de pachtlannen oer. Sa sil Simke dat grif ek faak dien hawwe by it útdjipjen fan har personaazjes. It kin hast net oars…