Foarlêswedstryd Simkes Stimke

Brent Polder wint foarlêswedstriid

Woansdeitemiddei 16 febrewaris wie de finale fan de foarlêswedstriid Simkes Stimke yn doarpshûs De Bining yn Twizel. Acht finalisten liezen in fragmint foar út in Frysktalich boek nei eigen kar. De sjuery, besteande út Hetty Combs, Jouke Spoelstra en Willem Jongsma, hienen in drege put, om’t it ferskil sa lyts wie. It wie Brent Polder fan It Holdernêst yn De Harkema dy’t de earste priis fertsjinne. Hy lies foar út De GFR. De twadde priis wie foar Rimmer Pander fan It Holdernêst en de tredde gie nei Dieuwke Boomsma fan De Wâldiik yn Boelensloane. Sy fertsjinnen in pakket mei de nijste boeken dy’t no foar de Simke Kloostermanpriis yn oanmerking komme. Uteinlik wienen alle finalisten winners, elk mocht in boek nei kar útsykje fan de boeketafels.

Under learlingen fan groep 7 en 8 fan skoallen yn Achtkarspelen organisearre it Simke Kloostermanlien foar de twadde kear de foarlêswedstriid Simkes Stimke. De wedstriid waard holden yn it ramt fan de útrikking fan de Simke Kloostermanpriis, dy’t ien kear yn de trije jier útrikt wurdt foar it bêste oarspronklik Frysktalige berneboek. Mei de foarlêswedstriid wol it Lien Fryske berneboeken promoatsje en de foarlêskultuer in poadium biede.

Winner Brent Polder wurdt op 20 maaie huldige tidens de priisútrikking, en sil út it boek foarlêze dat de Simke Kloostermanpriis fan 2022 fertsjinnet. Hokker boek oft dat wêze sil, wurdt yn maart bekendmakke.

i.s.m. Ace grafische vormgeving