Op woansdei 20 july om 19:00 oere is in ferhaal fan it ferhaleprojekt Utsteld gelok fan Ljouwert UNESCO City of Literature te beharkjen yn de tún fan it Simke Kloostermanhûs yn Twizel. Tet Rozendal lêst dêr it ferhaal ‘Foarby de ein fan de tunnel’ fan Greet Andringa foar yn it Frysk.
Alle hûndert dagen fan kultureel programma Arcadia soarget Leeuwarden UNESCO City of Literature mei Utsteld gelok foar in nij, live foarlêzen ferhaal op hieltyd in oar, paradyslik plak yn Fryslân. De reade tried: de syktocht nei skientme tidens en nei de pandemy.
Wat jout ús moed, hokker siedsjes plantsje wy foar de takomst? Hûndert auteurs út binnen- en bûtenlân skreaunen der in nij koart ferhaal oer. Fyftjin profesjonele fertellers lêze dy ferhalen foar. Yn de tún by de Friezen thús, op folkstúnkompleksen, yn túnen fan staten en stinzen en yn pluk- en teetunen. Yn it Nederlânsk, yn it Frysk of yn it Ingelsk.
Ynspiraasjeboarne is it fjirtjinde-iuwske masterwurk fan de Italjaanske dichter en gelearde Boccaccio: de ‘Decamerone’. Dat is in samling fan hundert ferhalen, yn tsien dagen ferteld troch tsien jonge minsken op de flucht foar de pest.
Lykas doe fertelle we elkoar no ek ferhalen om de tiid troch te kommen, om inoar te fermeitsjen, om te reflektearjen op de ellinde. Mar ek – en benammen – om wer in bytsje skientme en gelok te finen.
It programma duorret likernôch in oere. De tagong is fergees en hoechst dy net oan te melden. Nim sels in túnstuoltsje mei. It adres is Tsjerkebuorren 27, 9286 EZ Twijzel. Mear ynformaasje stiet op www.uitgesteldgeluk.nl.