It Simke Kloostermanlien

It Simke Kloostermanlien

It Lien, sa hjit it offisjeel. It Lien is in stichting dy’t nei it ferstjerren fan de skriuwster yn 1938 yn it libben roppen waard. De man fan de earste oere wie dûmny Ate Wumkes, in goede freon fan Kloosterman en desennialang foarsitter fan de stichting.

It Lien beheart alle besittingen dy’t Simke – se wie iennichst bern – efterliet. It stiet ûnder mear noed foar it grut ûnderhâld fan hûs en hiem, yn oerlis mei partijen as monumintesoarch. It giet dêrneist ek oer alle rinnende pachtsaken. Noch hieltyd wurde de lannerijen út it Kloostermanbesit ferpachte oan boeren yn de omkriten. It pachtlân fan de stichting leit benammen yn Twizel sels, mar rint oant de omkriten fan Kollum.

Dominee Ate Wumkes voor het Sinke Kloostermanhuis (Bron: Tresoar)

Dominee Ate Wumkes voor het Simke Kloostermanhuis (Bron: Tresoar)

It Lien hat destiids ek it inisjatyf nommen ta it útskriuwen fan de berneboekepriis, dy’t in stimulâns wêze wol foar it skriuwen fan Frysktalige berneliteratuer.

De bestjoersleden meie har noch reginten neame, nei de lêste wil fan Kloosterman. It hjoeddeistige bestjoer bestiet út foarsitter Gerben Gerbrandy, pachtsaakkundige Tineke Castelein, ponghâlder Jantiena Boersma, skriuwer Piter Buruma en skriuwer/behearder Willem Jongsma. De foarsitter is de boargemaster fan Achtkarspelen, dat ek wer yn de geast fan Simke. It bestjoer komt likernôch fiif of seis kear yn ‘t jier gear, yn de âldheidkeamer.

i.s.m. Ace grafische vormgeving